Ynternasjonale Fryslân Dei

Ofrûne sneon waard de ‘International Frisia Day’ (ynternasjonale Fryslân dei) foar it earst holden. Rûchwei 150 dielnimmers waarden wolkom hiten yn ‘e skitterjende Johannes a Lasco bibleteek yn Emden. De organisaasje wie yn hannen fan Andre Freimuth mei stipe fan de Friesischer Verband für Naturschutz e. V.

Ferdield oer in middeis- en jûnsprogram sprutsen ferskate bestjoerders en foarsitters fan kulturele ynstellingen. De sprekkers kamen werklik út alle Fryslannen: Rikus Jager (deifoarsitter en boargemaster fan gemeente Westerveld, oarspronklik út Grinslân), Tom Wester (Westfrysk Genoatskip, Westfryslân), Hansjörg Heeren (Friesischer Verband für Naturschutz, Eastfryslân), Arjen Dykstra (direkteur Tresoar, Fryslân), Wolbert Smidt (Keninklik Frysk Genoatskip, Fryslân) en Arthur Stögmann (Eastfryslân). It program waard ferrike mei in sjongkoar út Grinslân (mei lieten yn it Plat) en in trije froulju fan Fear/Föhr dy’t grutsk har klederdracht presintearren. In oar hichtepunt fan de dei wie in live-ferbining mei Friezen om utens yn Amearika. Sa waarden alle Fryske gebieten min-ofte-mear fertsjintwurdige.

Hjirûnder sjogge jim in oantal priuwkes fan ‘e dei.

Diel dit berjocht:

Foarige post
PODCAST SEARJE ÔFLEVERING 7: Willem Schoorstra
Folgjende post
Sichtber Frysk: de skoallen binne wer begûn!

Resinte berjochten