‘Wylde betinking’ Slach by Warns

Wapenfeit 2021 betinking Slach by Warns 25 septimber

It bestjoer fan de stifting Slach by Warns woe yn 2021 gjin betinking organisearje y.f.m. it koroanafirus. Mei in relatyf leech oantal besmettingen yn ’e neisimmer en de mooglikheden fan oardel meter op it Reaklif, dielde de Jongfryske Mienskip de soargen fan it stiftingsbestjoer net en keas derfoar om dochs in betinking te organisearjen. Hoewol’t de stifting trochjûn hie dat der gjin betinking wêze soe en sadwaande in protte minsken thús bleaunen, kamen der lykwols sa’n hûndert (foaral jonge minsken) nei it Reaklif ta.

De Jongfryske Mienskip kiest gjin partij yn it koroanadebat. De betinking waard holden omdat it bestjoer fan de Jongfryske Mienskip de kontinuïteit fan de jierlikse betinking wichtich fynt.

Diel dit berjocht:

Foarige post
Ledegearkomste mei barbekjû grut súkses
Folgjende post
Oanbieding ‘oanfalsplan fergrutsjen sichtberens Fryske taal en identiteit’

Resinte berjochten