Wer sa’n hearlike smûke jûn

Sneon 9 april wie de twadde edysje fan ‘e Smûke Jûn. In moaie gelegenheid om in pear minsken yn it sintsje te setten én it belangrykste nijs mei de leden te dielen. Fansels is in Smûke Jûn net kompleet sûnder neisit, muzyk, hapkes en drankjes. En ja, it wie o sa gesellich!

100e lid en ‘Gouden Kneppel’

Fuort nei it ûntfangst waard Yolanda van Lunzen as 100e lid begroete troch de foarsitter. It bestjoer hat har eefkes yn ’t sintsje set mei in blomke en in pear aardige wurden.

Yn it groeiende ledebestân hawwe wy ien bysûnder lid dat wy Smûke Jûn noch ekstra yn it sintsje sette woenen. Bestjoerslid Jenny Douwes sei it al yn har taspraak: Aant-Jelle Soepboer is in lid mei in protte talinten.

As bandlid fan Baldrs Draumar hat Aant-Jelle de Fryske taal en skiednis tichter by de jongerein brocht, as ferbiner hat hy bydroegen oan it ferbetterjen fan de ynter-Fryske kontakten, as ûnderwizer kaam hy mei de ‘Google Translate wike’ sels yn it sjoernaal en as politikus hat hy in wichtige rol spile by de ynfiering fan Fryske plaknammen yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Dêrom hat it bestjoer de opdracht jûn om in houten kneppel meitsje te litten, dy’t wy no wol ‘de gouden kneppel’ neame meie.

De kneppel is makke troch keunstneresse Grethe–Marie Broersen. It houtsnijwurk tilt op fan ‘e symbolyk út de Fryske skiednis en kultuer. De kneppel woenen wy eins al útrikke by it Kneppelfeest yn desimber, mar dat feest gong fanwegen it koroanafirus spitigernôch net troch.

Foarsitterswiksel en presintaasjes

De ‘grutte meidieling’ fan ‘e jûn wie fansels de foarsitterswiksel. Chris van Hes bliuwt yn it bestjoer, mar hat de foarsittershammer oan Sander Hoekstra jûn. Chris joech in geweldige ôfskiedstaspraak, wêryn’t hy mei tige waarme wurden de oare bestjoersleden en de redaksje fan Nij Frisia betanke. Sander joech dêrop syn ‘maiden speech’ as nije foarsitter. Sander fertelde dat de JFM ta is oan in nije fase en dat de feriening sawol yn ledetal as yn betsjutting noch fierder groeie kin. De bestjoerswiksel is trouwens noch net foltôge, want dêr moat de Algemiene Ledegearkomste oer beslute. Dy gearkomste sjogge wy lykwols mei betrouwen temjitte.

Nei de bestjoerswiksel waard it wurd oan Elske jûn, dy’t it ‘Oanfalsplan fergrutsjen sichtberens Fryske taal’ presintearre. De leden mochten dêrnei allegear in eksimplaar fan it oanfalsplan mei nei hûs nimme. Ta beslút mocht Wolter de nije webside www.jongfryskemienskip.frl presintearje. De webside hat ûnder oaren in websjop en in digitaal lidmaatskipsformulier. Jo sjogge der no nei, dus klik der mar ris trochhinne!

Chris hyt de minsken wolkom.

Sander en Chris (de nije foarsitter en de ôfgeande foarsitter)

In grôtfolle seal mei leden en sympatisanten.

Aant-Jelle mocht ‘de gouden kneppel’ yn ûntfangst nimme fan ús bestjoerslid Jenny Douwes.

Aant-Jelle lit earelid Bertus Postma de gouden kneppel sjen.

De ûntfanger fan ‘e gouden kneppel mei keunstneresse Grethe–Marie Broersen, de makker fan ‘e gouden kneppel.

Diel dit berjocht:

Foarige post
Oanbieding ‘oanfalsplan fergrutsjen sichtberens Fryske taal en identiteit’
Folgjende post
Fryske autonomy – poll

Resinte berjochten