Strategyske Piramide Jongfryske Mienskip

Jongfryske Mienskip

 

Yn 2020 hat de Jongfryske Mienskip neitocht oer de fraach: “Wat docht de Jongfryske Mienskip?”

It antwurd is formulearre yn de foarm fan in strategyske piramide. It bestjoer fan de Jongfryske Mienskip wurket neffens sykly fan fiif jier. Yn ien sa’n syklus wurde in stikmannich boustiennen definiearre, dy’t ús tichter by ús doel bringe moatte.

Klik hjir om de hiele strategyske piramide te lêzen: Strategy piramide Jongfryske Mienskip (fêststeld)

Us missy is twaliddich:

• It paad nei mear Fryske autonomy yn 2050
• Mear rjochten foar de Friezen as nasjonale minderheid.

Autonomy is in begryp dat op ferskillende wizen útlein wurde kin. Foar de Jongfryske Mienskip betsjut autonomy it neikommende:

Fryslân is by steat om te soargjen foar in eigen enerzjyfoarsjenning, itenfoarsjenning, rjochtspraak en
hat it foech om it eigen ûnderwiis stal te jaan. Dêrnjonken hat Fryslân in sterke eigen regionale identiteit
dy’t yn bûtenlânske kontakten ek brûkt wurdt.
It is foar him dy’t him/har Fries/Friezinne fielt, mooglik om de Fryske nasjonaliteit oan te nimmen en
dêrby it Nederlânsk steatsboargerskip te behâlden.
It grûngebiet fan de hjoeddeistige provinsje Fryslân wurdt, troch it takennen fan de status aparte, it
fjirde lân yn it Keninkryk Nederlân – en hat dêrmei deselde status as Aruba, Sint Marten en Curaçao
(Kurasao). It heechste demokratysk keazen orgaan fan de Provinsje (de Fryske Steaten) wurdt dêrmei it
Parlemint fan Fryslân.

 

Diel dit berjocht:

Foarige post
PODCAST SEARJE ÔFLEVERING 5: Henk Wolf
Folgjende post
PODCAST SEARJE ÔFLEVERING 6: Steven Sterk

Resinte berjochten