Smûke jûn 15 novimber 2024

Op freedtejûn 15 novimber wie it safier, de smûke jûn fan de Jongfryske Mienskip yn it “Hof van de Koning” op It Hearrenfean. Der wienen sa’n 35 man.
Willem Schoorstra hat in presintaasje oer it projekt Magna Frisia jûn.  Magna Frisia wurdt in midsiuwsk doarp út de tiid fan de Fryske keningen. De presintaasje wie tige nijsgjirrich en Willem koe der hiel moai oer fertelle! Willem wist op dat stuit noch net dat wy him ek mei in oare reden útnûge hienen, nammentlik foar de útrikking fan de Gouden Kneppel.

Dêrnei wie it tiid foar it ûntbleatsjen fan in hearlik nij Frysk bierke, broud troch dhr. Koning: Redbad.
Tidens it skoft koe elkenien fan dit bierke en in hapke en drankje genietsje.
Nei it skoft hawwe wy it finansjele jierferslach 2023 behannele en waard der desjarzje ferliend. Dêrnei kamen de kommisjes oan it wurd. Aktiviteitekommisje: Seye en Joeke. Nij Frisia: Piter. Autonomy: Jenny. BFTK Sjoerd. Se fertelden wat se yn it ôfrûne jier dien hawwe en wat de plannen binne.
En doe wie it tiid foar de neisit.

It wie in tige slagge smûke jûn!

 

Diel dit berjocht:

Foarige post
Bodderstocht 20 april 2024

Resinte berjochten