Yn dizze ôflevering prate wy mei Marijn Molema. Hy wurket by it Frysk planburo en beset in bysûndere heechlearaarsposysje oan de Ryksuniversiteit Grins.
Koartlyn hat Marijn syn boek publisearre, titele ‘Zwaaien, roepen, springen, naar een land waarin elke regio telt.’ Dit boek biedt in oersjoch fan de skiednis fan it regionaal belied fan de ôfrûne santich jier, lit op in libbene en persoanlike wize sjen wat der fout gien is en jout er oan hokker oplossings der mooglik binne.
Yn ús petear dûke wy djipper yn de wichtichste tema’s út syn boek, syn sterke bining mei it plattelân en de fraach nei mear autonomy foar Fryslân. Wat betsjut it om in regio te wêzen dy’t telt, en hoe kinne wy mei-inoar bouwe oan in takomst wêryn’t elke stim heard wurdt? Harkje foar in ynspirearjend en ynsichtlik petear!
Links nei ûnderwerpen út de podcast:
Fryske Paradox
https://www.planbureaufryslan.nl/publicaties/de-friese-paradox-eerste-verklaringen/


