De Jongfryske Mienskip hat in podcast-pilot makke wêryn’t wy mei sân gasten prate oer ferskate ûnderwerpen oangeande de Fryske taal, kultuer en identiteit. Wy hoopje dat jimme der in soad harkwille oan belibje. Yn ‘e auto, by de kuier of mei byldskerm derby noflik op ‘e bank: lit it ús witte fia de sosjals mei it stekje: #JFMpodcast.
Yn dizze (foarearst) lêste ôflevering is Willem Schoorstra te gast. Súksesfol Frysk skriuwer, winner fan ferskate literatuer- en poezyprizen en bekend fan ûnder oaren de boeken Erfskip, Rêdbâd en Swarte Ingels. Wy prate ûnder oaren oer hoe’t it allegear begûn as dichter, syn tige súksesfolle boekpresintaasjes, in nij geheim projekt, bloedgeulen en skiednisferfalsking. Mar ek it tige nijsgjirrige ferhaal oer syn ferklearring fan ôfstân komt foarby!
Ferwizings nei ûnderwerpen út de podcast:
https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/1132330/schoorstra-het-verhaal-van-nederland-is-negative-byldfoarming-en-skiednisferfalskingFerklearring fan ôfstân:
https://www.waldnet.nl/wn/nieuws/37367/Schoorstra_wil_Friese_nationaliteit.html
https://lc.nl/archief/Nog-twee-verzoeken-Friese-nationaliteit-20766603.html
Yn de eardere ôfleveringen wiene Esther Liano, Gabor Landman, Herman van Vliet, Sander Hoekstra, Henk Wolf en Steven Sterk te gast.
Omdat wy it mei in soad wille en leafde makke ha, en der noch safolle wichtige en nijsgjirrige ûnderwerpen binne, wolle wy ein dit jier de folgjende searje opnimme.
Underwerpen dy ‘t op ‘e planning steane binne ûnder oaren: de Fryske paradoks, lânskipspine, Fryske autonomy en it taalnivo op skoalle.
Dy folgjende opnamen wolle wy yn in eigen, noch yn te rjochtsjen studio, opnimme. Wy freegje dêrby jimme stipe. Saakkundigens, in finansjele bydrage mar benammen ek ideeën: wa moatte wy foaral freegje en wat binne de ûnderwerpen dêr‘ tst mear oer witte wolst, hokker filosofyske fraachstikken wolst dat wy behannelje, wêr makkest dy drok oer?
Nochris grutte tank oan ús gasten, de sponsoaren en Folkert de Hoop foar de technyske stipe!