De Jongfryske Mienskip hat in podcast-pilot makke wêryn’t wy mei sân gasten prate oer ferskate ûnderwerpen oangeande de Fryske taal, kultuer en identiteit. Wy hoopje dat jimme der in soad harkwille oan belibje. Yn ‘e auto, by de kuier of mei byldskerm derby noflik op ‘e bank: lit it ús witte fia de sosjals mei it stekje: #JFMpodcast.
Yn dizze sechsde ôflevering is Steven Sterk te gast. Steven útjouwer, boekhanneler, natuerleafhawwer en pasjonearre ferteller. It is wer in tige nijsgjirrige ôflevering wurden wêryn’t wy fansels prate oer Fryske boeken en syn wurk as útjouwer en boekhanneler. Mar ek oer identiteit en wêr’t dy út bestiet, de yntellektuele leechte yn Fryslân wêrtroch’t der gjin debat mooglik is oer identiteit en dêrtroch ek net oer wêr’t wy mei Fryslân hinne wolle.
Yn de eardere ôfleveringen wiene Esther Liano, Gabor Landman, Herman van Vliet, Sander Hoekstra en Henk Wolf te gast.
Stay tuned foar de lêste ôflevering mei Willem Schoorstra: suksesfol Frysk skriuwer, winner fan ferskate literatuer en poezy prizen en bekend fan ûnder oare de boeken Erfskip, Rêdbâd en Swarte Ingels.
Omdat wy it mei in soad wille en leafde makke ha, en der noch safolle wichtige en nijsgjirrige ûnderwerpen binne, wolle wy ein dit jier de folgjende searje opnimme.
Underwerpen dy ‘t op ‘e planning steane binne ûnder oaren: de Fryske paradoks, lânskipspine, Fryske autonomy en it taalnivo op skoalle.
Dy folgjende opnamen wolle wy yn in eigen, noch yn te rjochtsjen studio, opnimme. Wy freegje dêrby jimme stipe. Saakkundigens, in finansjele bydrage mar benammen ek ideeën: wa moatte wy foaral freegje en wat binne de ûnderwerpen dêr‘ tst mear oer witte wolst, hokker filosofyske fraachstikken wolst dat wy behannelje, wêr makkest dy drok oer?
Nochris grutte tank oan ús gasten, de sponsoaren en Folkert de Hoop foar de technyske stipe!