De Jongfryske Mienskip hat in podcast pilot makke wêryn’t wy mei sân gasten prate oer ferskate ûnderwerpen oangeande de Fryske taal, kultuer en identiteit. Wy hoopje dat jimme der in soad harkwille oan belibje. Yn ‘e auto, by de kuier of mei byld derby noflik op ‘e bank: lit it ús witte fia de sosjals mei it stekje: #JFMpodcast.
Yn dizze tredde ôflevering is Herman van Vliet te gast. Herman helle yn 2023 syn master Skiednis oan de Rijksuniversiteit Groningen en is derneist ûndernimmer en passyboer. Hy set him yn foar it behâld fan âlde rassen, en set foar bewustwurding fan in koartere itensketen. Ik praat mei him ûnder oare oer wat der te rêden is by de RUG, fryske ytkultuer, in baltende Harma, sûne boaiems en wêrom ‘t er as selsferklearre bûtensteander fynt dat de Friezen net grutsk genôch binne.
Yn de earste ôfleveringen wiene Esther Liano en Gabor Landman te gast. Stay tuned foar de oare ôfleveringen mei dizze tige nijsgjirriche gasten:
Sander Hoekstra, ûndernimmer, dichter en foarsitter fan de Jong Fryske Mienskip.
Steven Sterk, útjouwer, boekhanneler, natuerleafhawwer en pasjonearre ferteller.
Henk Wolf, taalkundige, dosint en skriuwer oer ûnder oare Sealterfrysk.
Willem Schoorstra, suksesfol Frysk skriuwer, winner fan ferskate literatuer en poezy prizen en bekend fan ûnder oare de boeken Erfskip, RêdBâd en Swarte Ingels.
Omdat wy it mei in soad wille en leafde makke ha, en der noch safolle wichtige en nijsgjirrige ûnderwerpen binne, wolle wy ein dit jier de folgjende searje opnimme.
Underwerpen dy ‘t op ‘e planning steane binne ûnder oaren: de Fryske paradoks, lânskipspine, Fryske autonomy en it taalnivo op skoalle.
Dy folgjende opnamen wolle wy yn in eigen, noch yn te rjochtsjen studio, opnimme. Wy freegje dêrby jimme stipe. Saakkundigens, in finansjele bydrage mar benammen ek ideeën: wa moatte wy foaral freegje en wat binne de ûnderwerpen dêr‘ tst mear oer witte wolst, hokker filosofyske fraachstikken wolst dat wy behannelje, wêr makkest dy drok oer?
Nochris grutte tank oan ús gasten, de sponsoaren en Folkert de Hoop foar de technyske stipe!