PODCAST SEARJE ÔFLEVERING 2: Gabor Landman

 

 

 

De Jong Fryske Mienskip hat in podcast pilot makke wêryn wy mei sân gasten prate oer ferskate ûnderwerpen oangeande de Fryske taal, kultuer en identiteit. Wy hoopje dat jimme der in soad harkwille oan belibje. Yn ‘e auto, wilens in kuierke of mei byld derby lekker op ‘e bank: lit it us witte via de soosjals mei stekje: #JFMpodcast.

Yn dizze twadde ôflevering is Gabor Landman te gast. Gabor Landman is fan de stifting european language rights en wy beprate in tige wichtich ûnderwerp: de skeining fan taalrjochten fan ferskate minderheden yn Europa wêrûnder de Friezen. Dêrneist hawwe wy it oer Oekraïne, minskerjochten, memmetaal, Transilvanië en noch folle mear.

Yn de earste ôflevering wy Esther Liano te gast en stay tuned foar de oare ôfleveringen mei dizze tige nijsgjirriche gasten:

Sander Hoekstra, ûndernimmer, dichter en foarsitter fan de Jong Fryske Mienskip.
Herman van Vliet, ûndernimmer en passyboer oer syn master stúdzje Skiedenis en de Fryske ytkultuer.
Steven Sterk, útjouwer, boekhanneler, natuerleafhawwer en pasjonearre ferteller.
Henk Wolf, taalkundige, dosint en skriuwer oer ûnder oare Sealterfrysk.
Willem Schoorstra, suksesfol Frysk skriuwer, winner fan ferskate literatuer en poezy prizen en bekend fan ûnder oare de boeken Erfskip, RêdBâd en Swarte Ingels.

Omdat wy it mei in soad wille en leafde makke ha, en der noch safolle wichtige en nijsgjirrige ûnderwerpen binne, wolle wy ein fan dit jier de folgjende searje opnimme.
Underwerpen dy ‘t op ‘e planning steane binne under oare: de Fryske paradoks, lânskipspine, Fryske autonomy en it taalnivo op skoalle.

Dy folgende opnamen wolle wy yn in eigen, noch yn te rjochtsjen studio, opnimme. Wy freegje dêrby jimme stippe. Ekspertize, in finansjele bydrage mar benammen ek ideeën: wa moatte wy foaral freegje en wat binne de ûnderwerpen dêr ‘ tst mear oer witte wolst, hokker philosofyske fraachstikken wolst behannele sjen, wêr wynst dy oer op?

Nochris grutte tank oan ús gasten, de sponsoaren en Folkert de Hoop foar de technyske stipe!

Diel dit berjocht:

Foarige post
Podcast searje ôflevering 1: Esther Liano

Resinte berjochten