oer ús
De Jongfryske Mienskip leveret striid foar de lykberjochting fan de Fryske taal, kultuer en identiteit. De feriening is oprjochte yn 1915 en fernijd yn 2011. Sûnt 2021 is ús gjalp ‘ûnderweis nei autonomy’. De Jongfryske Mienskip is in brûzjende feriening mei in ryk ferskaat oan leden yn alle leeftydskategoryen. Us leden komme út alle hoeken en hernen. De Jongfryske Mienskip ferbynt!