Ledegearkomste mei barbekjû grut súkses

By de Algemiene Ledegearkomste fan sneon 4 septimber waard spitigernôch ôfskie nommen fan ús bestjoerslid Jos de Boer. Jos hat ús altyd tige holpen mei de grafyske foarmjouwing en syn skerpe advizen. Dêrom hawwe wy him yn it sintsje setten mei syn favorite drankje. 😉

Tagelyk krigen wy twa nije bestjoersleden derby: Elly (Elske) Schoonbeek en Jenny Douwes. De beide froulju binne tige warber op Twitter en wolle har graach ynsette foar de Fryske taal en identiteit. De Algemiene Ledegearkomste stimde unanym yn mei de beneaming fan de twa algemiene bestjoersleden. Binnen it bestjoer hat Elske ûnderwilens it skriuwerskip oernommen om Wolter te ûntlêstigjen. Wolter bliuwt ponghâlder. It ponghâlderskip is troch de groei fan de JFM in omfangrike taak wurden en dêrom min te kombinearjen mei oare funksjes binnen it bestjoer.

Sander Hoekstra is twadde foarsitter wurden, om yn ôfwêzigens fan Chris de feriening it foarsitterskip yn syn hiele hear en fear waarnimme te kinnen.

Nei ôfrin wie der in barbekjû. De foodtruck ‘Smokey Bandids’ hienen de skoane taak op ‘e noed om de gasten te fersoargjen mei hearlik fleis en salades. De AL en de barbekjû wienen koartsein in ‘grut súkses’!

Diel dit berjocht:

Foarige post
Jûnsklokformulier yn it Frysk
Folgjende post
‘Wylde betinking’ Slach by Warns

Resinte berjochten