Troch it koroanafirus fierde it Ryksregear de jûnsklok yn. Lykwols koenen minsken mei fitale beroppen (en oare minsken dy’t jûns de dyk op moasten) mei in jûnsklokformulier dochs ride. De Jongfryske Mienskip hat der by de Ryksoerheid op oantrune dat harren kommunikaasje yn Fryslân altyd twatalich wêze moat. It Ryksregear hat it jûnsklokformulier doe twatalich beskikber steld. De Jongfryske Mienskip sil yn ’e takomst faker lûd jaan om it Frysk sichtberder te meitsjen.
Diel dit berjocht: