It Frysk is de twadde rykstaal fan Nederlân. Soks is in gegeven en de measte Friezen binne har dêr ek goed bewust fan. De Friezen binne ornaris grutsk op harren unike taal. Dat hat grif ek te krijen mei de âlderdom fan it Frysk. It Frysk en Ingelsk binne ommers al op âlde runefynsten te ûnderskieden fan it kontinintaal Germaansk, dêr’t pas iuwen letter it Nederlânsk en Dútsk út ûntstienen. It Frysk is fandatoangeande de âldste taal fan Nederlân (en Dútslân).
Yn it ferline fierde de steat Nederlân de skoalplicht yn, mar sûnder romte foar it Frysk. Tsientallen jierren letter kaam de steatsmedia, fannijs sûnder romte foar it Frysk. De Friezen moasten belesting betelje foar ûnderwiis en media yn in folslein frjemde taal. It Frysk siet krekt as oare minderheidstalen iuwenlang yn ’e ferdrukking. Hjoed-de-dei is de Nederlânske steat in bytsje meigeander wat it Frysk oangiet. In protte dingen binne regele, al binne wy noch lang net by it eindoel.
En it is ek moai om te sjen dat bedriuwen har sa goed foar it Frysk ynsette. Action, Albert Heijn, CarGlass, Coca Cola, Decathlon, Expert, Merci, Suzuki en hûnderten lytse en middelgrutte ûndernimmers brûke allegear it Frysk. De gemeente, provinsje, GGD, VeiligVerkeerNederland ek. By Arriva, dokter en apteek binne de byldskermen allegear yn it Frysk beskikber. Der binne genôch positive foarbylden te neamen.
Dêrom binne wy bot skrokken fan de ING. Meiwurkers meie mei de klanten gjin Frysk mear prate. En wêrom net? De ING hat dêr gjin jildich argumint foar neamd. En it liket ek net dat hja in argumint neame kinne, want út ûndersyk docht bliken dat it brûken fan de minderheidstaal foar de klantbining krekt tige geunstich is. Binne it miskien de ING-meiwurkers dy’t meilústerje en argewaasje hawwe fan it Frysk? Soe de bank dan net ‘diverser’ personiel oannimme moatte dat wól mei ferskaat omgean kin?
It hâlden en dragen fan ’e ING bringt ús âlde tsjustere tiden yn ‘t sin. Sûnder legitym argumint wurdt it minsken ferbean om mei-inoar de taal fan harren hert te praten. Wy binne fan betinken dat it ‘beslút’ om alle oare talen as it Nederlânsk en Ingelsk te ferbieden in fout wie. Dêrom hawwe wy it haadkantoar fan ’e ING holpen om in Frysk sinjaal ôf te jaan. Sa lit it hegere management sjen dat it Frysk wól wolkom is en dat de bank krekt as Coca Cola en Suzuki ree is om it Frysk it plak te jaan dat it fertsjinnet.