Fryske autonomy – poll

Poll foar Fryske autonomy (klik op dizze link)

De Jongfryske Mienskip hat in online poll makke mei de fraach oft de ynwenners fan Fryslân foar de heechste graad fan autonomy binne.

De ynliedende tekst fan de poll sjocht der sa út:

Skotlân, Kataloanië, Flaanderen en de Dútske dielsteaten hawwe allegear in eigen parlemint mei eigen foech. It binne parleminten mei sizzenskip. Yn dizze poll giet it om fiergeand sizzenskip foar it Fryske parlemint. Dat wol sizze: safolle mooglik sizzenskip oer al it belied dat de hjoeddeistige provinsje Fryslân oangiet. Fryslân bliuwt yn dit senario wol ûnderdiel fan it ‘Koninkrijk der Nederlanden’. Dêrmei bliuwe allinnich it Ministearje fan Bûtenlânske Saken en it Ministearje fan Definsje yn De Haach. De oare ministearjes falle ûnder de autonome regio Fryslân.

De pollfraach is:

Fynsto dat Fryslân in eigen parlemint mei sizzenskip hawwe moat?

Yn 2021 hat de Jongfryske Mienskip syn nije koersdokumint publisearre mei as gjalp ‘Underweis nei autonomy’. De poll is ien fan de stappen yn it koersdokumint.

De Jongfryske Mienskip hat soargen oer de solidariteit yn Fryslân. De polarisaasje dy’t de Rânestêd yn syn greep hâldt mei hjir noait foar master opslaan. Dêrom fynt de Jongfryske Mienskip dat it tiid is om as Friezen oer nije takomstdoelen nei te tinken. It bestjoerlike systeem fan Nederlân is hast 200 jier âld en dêrom wolle wy mei de Friezen yn petear om te sjen oft it ek tiid is foar in update. Sa wol de Jongfryske Mienskip in slinger jaan oan in ûnderwerp dat folle mear omtinken fertsjinnet.

Wy ferwachtsje dat de measte Friezen iepen steane om nei te tinken oer de takomst en hoopje op in sa grut mooglike dielname.

De link nei de poll is:
https://www.surveymonkey.de/r/XBBXB6V

Diel dit berjocht:

Foarige post
Wer sa’n hearlike smûke jûn
Folgjende post
JFM dizze wike 2x yn it nijs!

Resinte berjochten