De Provinsje Fryslân sil de mooglikheden ûndersykje om de Fryske taal op offisjele dokuminten sichtber te meitsjen (punt 6 út it oanfalsplan sichtberens Fryske taal). Op dit stuit binne ID-kaarten, rydbewizen en paspoarten allinnich yn it Nederlânsk, Ingelsk en Frânsk. De twadde rykstaal fan Nederlân ûntbrekt folslein. Hoesa lykweardich?!
It nijs waard tiisdei 20 desimber 2022 buorkundich makke by it wyklikse parsepetear fan Deputearre Steaten. It parsepetear is fia dizze link te sjen (balk trochskowe nei 13:50). Hjirûnder kinne jo de treflike taspraak fan ús foarsitter Sander Hoekstra by it parsepetear nochris neilêze.
Efter de skermen hawwe wy drok dwaande west mei allegear petearen om dit foar elkoar te krijen. Op 8 novimber stimde Deputearre Steaten unanym foar it foarstel om de mooglikheden te ûndersykjen. De Provinsje Fryslân giet net oer de ynfiering, mar it beslút fan 8 novimber is wol in wichtich sinjaal. Alwer in lytse stap de goede kant út.
Wy binne der dus noch net. Der begjint in baltsje te rôljen en wy sille alle war dwaan om dat baltsje yn beweging te hâlden.
Taspraak foarsitter Sander Hoekstra by it parsepetear Deputearre Steaten Fryslân (20-12-22)
Tige tank dat wy hjir hjoed as Jongfryske Mienskip wêze meie. It Kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân hat op tiisdei 8 novimber 2022 unanym besletten om ûndersyk te dwaan nei de Fryske taal op offisjele dokuminten. Neist it ferkennen fan de mooglikheden sil de provinsje him ek aktyf ynsette foar de Fryske taal op ID-bewizen, rydbewizen, paspoarten of de digitale ID. Dêrmei kin de Fryske taal jo paspoart nei de takomst wêze.
De Jongfryske Mienskip fertsjintwurdiget de belangen fan syn leden. Ien lid frege him yn 2020 ôf hoe’t it mooglik wie dat it donorformulier wol yn it Poalsk, Frânsk en Arabysk beskikber wie, mar net yn ’e twadde rykstaal; it Frysk. Under de e-mail dy’t wy fan it ministearje werom krigen stie: “Laat die kerel een keer in zijn paspoort kijken waar hij woont.” Sadwaande waarden wy twongen om by Tûmba melding fan diskriminaasje te dwaan. Deputearre Poepjes hat der doe wurk fan makke. Mei it jûnsklokformulier gong it wer mis. En Deputearre Poepjes moast ek dy fout achterôf wer yn oarder meitsje. Ja, it is wier, sy regele it wer.
De Twadde Keamer hat yn desimber 2020 in moasje oannommen om de sichtberens fan it Frysk te fergrutsjen. Mar wêrom wie der sa’n moasje nedich? It Frysk is dochs de twadde offisjele taal fan Nederlân?
Bestjoerslid Sjoerd Groenhof murk op dat de besteande Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer op it mêd fan sichtberens fan it Frysk net folle om ’e hakken hie. Reden genôch om in plan te skriuwen dat de besteande sitewaasje wól ferbetteret. It ‘Oanfalsplan fegrutsjen Sichtberens Fryske Taal en Identiteit’ yn Fryslân waard yn maart dit jier presintearre. Yn it plan steane 10 foarstellen om de sichtberens fan it Frysk te fergrutsjen. De Fryske polityk wie der fol lof oer en ek by de Rede fan Fryslân die Kommissaris fan de Kening Arno Brok te witten dat it nije bestjoersakkoart wol ambisjeuzer wêze mei.
Foarstel nûmer 6 út it boekje giet oer it Frysk op offisjele dokuminten. En dat is ek de reden wêrom’t wy hjir hjoed binne. Wy binne tige bliid dat Deputearre Steaten de útdaging pro-aktyf oangean wol yn it ramt fan emansipaasje en ynklusy.
De Fryske taal is jo paspoart nei de takomst. It Frysk is in âlde taal, âlder as it Nederlânsk. It Frysk is ús rykste kulturele besit. Gjin relikt foar yn it museum mar in moderne taal dy’t ek yn ’e 21e iuw libbet as in hert! As wy sjogge nei de skiednis, ús striid foar lykweardigens en ynklusy, dan heart it Frysk gewoan sichtber te wêzen op offisjele dokuminten. It Frysk is ommers mear as in kommunikaasjemiddel. It is yntegraal ûnderdiel fan ús kultuer en identiteit. Dêrmei is it jo identiteitsbewiis yn ’e wrâld.
De Jongfryske Mienskip is bliid mei it beslút fan Deputearre Steaten om yn gearwurking mei it ministearje de mooglikheden te ûndersykjen om it Frysk op offisjele dokuminten te krijen. Yn’t foarste plak wolle wy Deputearre Poepjes tige tank sizze foar har krewearjen. Mar wy hawwe noch in hiele wei te gean foardat it safier is. En der bliuwe noch 9 punten oer yn ús boekje mei oanrekommandaasjes. Wy as Jongfryske Mienskip wolle it Frysk yn alle domeinen útgroeie litte ta in folslein lykweardige taal. Om dat doel te berikken sille wy oanhâlde as storein en sjogge it beslút fan 8 novimber as in wichtige earste stap.
Ut namme fan it bestjoer fan de Jongfryske Mienskip,
Elske, Jenny, Wolter, Sjoerd, Sander en Jelle
Sjoch wiismeifryslan.com en it nijsberjocht op Omrop Fryslân foar mear ynformaasje.