Doch in berop op dyn taalrjochten – foarbyldbrieven foar yn ‘e praktyk
Yn Fryslân is it Frysk net allinnich ús memmetaal, mar ek in offisjeel erkende rykstaal. Dochs ûnderfine in protte Friezen noch altyd hinder as sy harren eigen taal brûke wolle yn kontakt mei bygelyks oerheden, skoallen, rjochtbanken of de plysje. Dat is net allinnich ûnrjochtfeardich – it is yn striid mei de wet.
Om dy as boarger te helpen dyn rjochten ek yn de praktyk út te oefenjen, hat de Jongfryske Mienskip in set foarbyldbrieven opsteld. Mei dizze brieven kinst op formele wize in berop dwaan op dyn taalrjocht, mei ferwizing nei de jildende wetjouwing lykas de Wet gebrûk Fryske taal, it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden en it Kaderferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden.
Brieven dy’tsto brûke kinst:
- In brief oan dyn gemeente as de webside net yn it Frysk beskikber is
- In brief as in oerheidsynstânsje it Frysk net akseptearret yn kontakt of formulieren
- In brief oan de rjochtbank as do gjin Frysk prate mochtest by in rjochtssaak
- In brief oan de skoalle fan dyn bern as it Frysk net net genôch brûkt wurdt
- In brief oan de plysje oer it ûntbrekken fan twatalige kommunikaasje
Alle brieven binne geskikt om oan te passen op dyn eigen situaasje. Do kinst se ferstjoere nei de oerheidstsjinst dy’t dy yn it Nederlânsk twong, of dêr’t Frysk gewoan net mooglik wie.
Krijst in ôfwiisjende of net-serieuze reaksje?
De Jongfryske Mienskip kin dy helpe mei it yntsjinjen fan in formeel beswier of it útwurkjen fan fierdere juridyske stappen. Meitsje dêrfoar gebrûk fan ús kontaktformulier of nim rjochtstreeks kontakt op.
Dyn taal, dyn rjocht – sis der wat fan.