Ferslach gearkomste Tinktenk Autonomy
By de lêste gearkomste fan de Tinktenk Autonomy binne de haadlinen fan ús wurkramt fierder skerpsteld en konkrete ideeën besprutsen. De fokus fan de tinktenk leit foar de kommende tiid op metapolityk: it fergrutsjen fan it bewustwêzen yn de mienskip en it skeppen fan in breder draachflak.
Wat wy dien/besprutsen hawwe:
* As wurkgroep hawwe wy keazen foar de namme ‘Tinktenk Autonomy’. Wy binne ommers noch gjin beweging, mar dêr wolle wy úteinlik wol op ta.
* Wy hawwe ferline jier al in begjin makke mei it learen fan oare autonome regio’s yn Europa. Dat wolle wy de kommende tiid fierder oppakke, mooglik mei in besite oan in autonome regio.
* Wy wolle minsken útnûgje om plannen te skriuwen en dy foaral te ‘pitchen’. As tinktenk hawwe wy gjin sintraal plan, mar wol in tige dúdlik tinkramt om de swetten út te lizzen. Dat tinkramt wurdt konkreet makke mei fjouwer kearnwearden. Dêroer letter mear.
* Mei de tiid wolle wy in iepen poadium organisearje.
Wolsto de oare kear der ek by wêze? Meld dy by ús!