De Jongfryske Mienskip is fan betinken dat orgaandonaasje in tige persoanlik en yngripend beslút is. De Ryksoerheid wol fan orgaandonaasje de regel meitsje, mar se woenen net de taal prate fan de Fryske orgaandonoaren. Foar ús reden genôch om yn aksje te kommen. Mei de Provinsje Fryslân hawwe wy in fersyk yntsjinne om yn alle gefallen de donorfolder en alle oare ynformaasje en formulieren yn it Frysk beskikber te stellen. De donorfolder is no yn it Frysk ferskynd. De Jongfryske Mienskip hat by de provinsje te witten dien dat de Ryksoerheid faker yn it Frysk kommunisearje moat.
Diel dit berjocht: