Op 15 augustus 2020 hawwe wy op It Hearrenfean in betinking foar dichter en strider Fedde Schurer organisearre ûnder de namme ‘Rûnom Fedde.’ It wie in twadde kâns, want oer de ûntbleating op 25 july fan it stânbyld op it nije plak wiene in soad minsken net te sprekken. Yn de útnûging stiene flaters en by de ûntbleating waard der eins nea sein oer it wurk fan Schurer foar de emansipaasje fan it Frysk. Ek waard der suver gjin wurd Frysk sprutsen. Foar de Jongfryske Mienskip wie it reden genôch om in nije betinking te organisearjen. By de nije betinking wiene ferskate sprekkers. Skriuwers Willem Schoorstra en Peter Boomsma hawwe it ien en oar ferteld oer it wurk fan Schurer en syn betsjutting yn de tiid. PvdA-riedslid Betty van der Ven en Sander Hoekstra hawwe gedichten en ferhalen foardroegen. As ôfsluting wie it Frysk folksliet en waard der in blomke by it stânbyld dellein. By ús betinking kamen sa’n 200 minsken.
Diel dit berjocht: