In memoriam Bertus Jans Postma 1929-2023
Bertus Jans Postma is freedtemoarn 6 jannewaris 2023 op 93-jierrige leeftyd hommels weirekke. Postma wie natuerkundige, taalstrider en Jongfries yn ieren en sinen.
Postma waard berne op 12 april 1929 yn Holwert. Hy wie de tredde soan fan in bakkerspear, dat yn 1937 nei Ljouwert ferhuze. Dêr brocht Postma syn legere en middelbere skoaltiid troch. Hy die syn doktoraalstúdzje natuerkunde yn ’e jierren 1946-1953 oan ’e Universiteit fan Utert. Dêr waard er yn 1946 fuortendaliks lid fan it Frysktalige studinteselskip Redbad. Yn syn studintetiid kaam er ek yn ’e kunde mei de Jongfryske Mienskip. Bertus Jans Postma waard lid yn 1950.
Nei de stúdzje gie er earst oan ’t wurk by it Van der Waal Laboratorium yn Amsterdam en wurke yn ’e jierren 1961-1986 as haadmeiwurker by de Technyske Hegeskoalle Eindhoven. Wilens hie Postma ek de leafde fan syn libben fûn en boaske yn 1956 mei Ymkje Meester. Foar’t er it ja-wurd joech, moast sy earst ûnthjitte om Frysk te learen, sadat sy yn it houlik Frysk prate koene. Hy neamde har steefêst syn ‘bettere helte’.
Yn 1986 kaam Postma werom nei Fryslân mei in dúdlik doel foar eagen. Hy woe him ynsette foar de Fryske striid yn ’t algemien en de Fryske doarps-, steds- en gemeentenammen yn ’t bysûnder. As syn âlde bûnsmaten de moedfearren eefkes hingje lieten, koe er altyd noch op Ymkje rekkenje. Sy stipe him by alles wat er die. Postma en de frou hawwe sawat alle gemeentehuzen bydel west om de plak- en gemeentenammen yn ’t Frysk te krijen. Yn Tytsjerksteradiel hawwe se der wol fiif jier mei dwaande west. Syn aldergrutste súkses wie it provinsjale beslút om Frysktalige wetternammen yn te fieren. Op 15 maart 2006 waard it histoaryske beslút nommen: mei yngong fan 15 maart 2007 soe it heve. In boppeslach!
Postma wie fan betinken dat wy as Friezen rjocht hawwe op it brûken fan ús eigen taal. “Taal is it ynstrumint dêr’t wy troch sykhelje”, die er te witten yn in ynterview mei de Ljouwerter Krante yn 2014. Postma fersuchte wolris dat hy sa graach stjerre woe mei de nasjonaliteit ‘Fries’ yn it paspoart. Dat hat er yn 2012 yn ’e gemeente Menameradiel besocht, dêr’t hy en Ymkje doedestiids wennen. Hy hat de saneamde Ferklearring fan Ôfstân dien. Hy woe Nederlânsk steatsboarger bliuwe mei as nasjonaliteit ‘Fries’. Syn fersyk waard ôfwiisd, mar it wie wol in dúdlik sinjaal.
Fierders skreau er hast alle wiken de Ljouwerter Krante oan mei lêzersbrieven en klachten oer it ferkeard brûken fan toponimen. Troch it publisearjen fan opinystikken en syn brieven oan pommeranten, ûnder oaren yn Nij Frisia, hat Postma oare Friezen ynspiraasje jûn. Nei bûten ta hat Postma de Jongfryske Mienskip altyd op in treflike wize fertsjintwurdige. Yn 2019, nei hast 70 jier lidmaatskip, waard Postma foardroegen en beneamd ta earelid fan de Jongfryske Mienskip. Kommissaris fan ’e Kening Arno Brok spjelde him dy bysûndere ûnderskieding op. Spitigergenôch wie syn frou Ymkje de moanne dêrfoar ferstoarn.
By alles wat de Fryske saak oangie, stie er foaroan om te striden foar it heechste doel. Hy wist dat syn tiid oprekke. By in gearkomste fan de Ried fan de Fryske Beweging yn ’e maitiid fan 2022 waard der oan Bertus Postma frege: “Wat tochten jo fan dizze gearkomste?” Hy sei: “Der binne hjir 40 minsken en de gearkomste duorre 2 oeren, dus der binne wer 80 oeren fuortsmiten foar de Fryske saak! Dy tiid hiene wy better brûke kind om doarpsbelangen oan te skriuwen om te stribjen nei Fryske plaknammen, want der is ien ding dat jim net yn ’e gaten hawwe. Dit is de gouden oere! Jim moatte no trochsette! Op, Friezen op!” Mei dy wurden ferliet er de neisit.
De Jongfryske Mienskip nimt ôfskied fan syn earelid én fan ien fan de grutte foaroanmannen yn ’e Fryske striid. Foar sibbe en kunde is syn ferstjerren grif in grut ferlies. Wy sille ‘ús Bertus’ tige misse. Wy sille him misse om syn fjoer, syn humor, syn sjarme én syn kennis. In bysûnder bern fan Fryslân is net mear.
It bestjoer fan de Jongfryske Mienskip,
Elske, Jenny, Wolter, Sjoerd en Sander