Yn septimber wol de jongfryske mienskip in sympoasium organisearje mei as ûnderwerp autonomy.
Mei in sympoasium foar autonomy tinke wy minsken motivearje te kinnen om nei te tinken oer en aksje te ûndernimmen foar it paad nei de heechste foarm fan sizzenskip oer ús taal, kultuer en identiteit: autonomy.
Mei dit sympoasium wolle wy in dúdlike line mei it ‘wat’, ‘wêrom’ en ‘hoe’ fan autonomy delsette.
Wat
Wy tinke dat wy in nij haadstik foar Fryslân delsette moatte. Yn stee fan de slachtofferrol sille wy in progressyf ferhaal biede moatte en in foarlûkersrol oannimme moatte. We wolle ús rjochten werom opeaskje en behâlde. De grûnslach dêrfoar is it behâld fan ús brede wolfeart: it gelok fan Fryslân en de Friezen. De iennichste manier om dit te dwaan is it opeaskjen fan de heechst mooglike foarm fan autonomy.
In sympoasium is ien fan de manieren om de bewustwurding fan de situaasje op it mêd fan ús rjochten en de mooglikheden om dy te ferbetterjen grutter te meitsjen.
Wêrom
Us taal, kultuer en identiteit, stiet ûnder druk. Mei mear autonomy kinne wy sels noed stean foar wichtige aspekten yn ús mienskip, foar algemien belang en foar behâld fan ús Fryske identiteit yn it bysûnder. Sjoen it lege betrouwen yn polityk Den Haach kinne wy mei mear autonomy saken dy ‘t breed ûnder de Fryske befolking as bedriging sjoen wurde, sels omfoarmje ta kânsen en oplossingen.
Hoe
Der binne gâns ûnderwerpen dy ‘t tidens dit sympoasium oan bod komme kinne:
– Wat bin de wetlike en bestjoerlike mooglikheden foar de heechste foarm fan autonomy
– Wat binne slagge foarbylden út de praktyk
– Wat binne mooglike ynfollingen op it mêd fan enerzjifoarsjenning, belelestingen, sûnenssoarch, lânskip, iepenbier ferfier, Frysk ûnderwiis, earmoedebestriding, ensf.
Wy steane iepen foar ideeen mar ek sykje wy noch minsken dy ‘t meiwurkje wolle oan de organisaasje. Liket dat wat foar dy, nim dan kontakt op fia: jongfryskemienskip@gmail.com