20/04/2024
Haven 16, 9221 SR De Rottefalle

Bodderstocht

ÚTNOEGING FOAR DE “BODDERSTOCHT” FAN DE JONGFRYSKE MIENSKIP

Wannear: Saterdei/sneon 20 April 2024

Plak: Haven 16, 9221 SR De Rottefalle

Ynrin: om 9 oere mei kofje & koeke yn de konsistoarje fan de Minnistegemeente fan de
Rottefalle-Wytfean

Programma:

9.30
Wolkom! Dernei nimt Durk Veenstra ús mei nei de tiid fan juffer Wike L Zylstra, bekend fan it Fryske lêsrak (par, sok, pet), en fertelt ús
ien en oar oer Douwe Kalma, de oprjochter fan de Jongfryske Mienskip(JFM). By noflik waar folget in kuierke troch it doarp nei it hûs fan juffer Zylstra.

11.00
Nei Eastermar, parkearje by de Komerk. Der krije wy in rûnlieding fan sa’n Ien oant oardel oere troch it doarp Eastermar oer de ferhalesamler Dam Jaarsma.

13.00
Nei Weirestaurant Jelle Joep, Wedzebuorren 17 yn Twizel. Dêr ite wy platriden baarch mei bakte ierappels, en foar fegetariërs hat Jelle ek wol wat sûnder fleis, jou by opgave even op: fleis iter, as wat oars.

14.30
Nei it Simke Kloostermanhûs, wer’t Willem Jongsma ús rûnliede sil en ien en oar fertelle it libben en skriuwen fan Simke Kloosterman.
Adres: Tsjerkebuorren 27, 9286 EZ Twizel.

15.30/16.00
Ôfsluting fan it programma.

De ûnkosten fan disse prachtige dei ynklusyf kofje, koeke, waarm iten en 1x drinken € 25,00 de man/frou, kontant te beteljen moarns
by oanfang op De Rottefalle.

Opjefte by de Aktifiteiten komisje : J. vd Heide & S.H. Brinkman
Seye Herke Brinkman: 06-26 89 43 01    as per mail: info@shbrinkman.nl

PDF JFM BODDERTOCHT 20-04-2024

 

Diel dit item:

Foarige item
Europeada 2024

Oare items