19/04/2025
Hylpen

Bodderstocht nei Hylpen

Útnoeging  foar de “BODDERSTOCHT”  fan de JFM

Wannear :  Sneon 19 April 2025
Plak :  Parkearterrein De Mekúljes, Hylpen

Programma:

  • 9:30 ûntfangst op parkearterrein De Mekúljes yn Hylpen
    Jaap Kruis en Immie Eekma nimme ús mei yn Hylper klaaiïng trochHylpen. Se
    fertelle yn it Hylpers oer de rike histoarje en eigenaardichheden fan it lytse stêdsje.
  • 10:45 besite oan museum Hindeloopen (As jo in museumjierkaart hawwe wolle jo dizze dan meinimme!)
    It ferboude en werynrjochte museum is yn juny 2024 opnij iepene troch
    kenninginne Maxima (foto). Hjir ûntdekke jo de unike skiednis fan ús seefeartstêd. De Grutskipper hiet jo yn de earste museumseal wolkom en nimt jo mei yn de skiednis fan de seefeart op de Eastsee. Hylpen waard ryk troch de hannel nei de Eastsee dêr’t se nôt en hout meinamen foar Amsterdam. Dy wolfeart soarge foar in bûnte en rike streekdracht en de Hylper pronkkeamer. Ek de Hylper skilderkeunst makke Hylpen yn de 19e iuw ferneamd. Dizze skilderstyl mei spesifike patroanen fan krollen, blommen en blêden is oant op de dei fan hjoed it fisitekaartsje fan de stêd.
  • 12:30 iten yn De Foeke oan de âlde haven
    Der is in fleis – of fiskmenu mei 1 konsumpsje
  • 13:45 Besite oan Roosje Oud Hindelooper Keunst sûnt 1894 Titus fertelt ús oer it famyljebedriuw dat yn 1894 troch Arend Roosje opstart waard. In bedriuw yn de âlde Hylper keunst. Titus fertelt oer it fakmanskip en behâld fan it Hylper houtdraai -, snij en byldhouwurk en ek de Hylper skilderkeunst.
  • 15:00 neisit oan de Hylper haven

Kosten en opjefte

De ûnkosten fan disse prachtige dei (ynklusyf kofje, koeke, waarm iten en 1x drinken):
€ 30,00 de man/frou, kontant te beteljen moarns by oanfang yn Hylpen.

Opjefte by de Aktifiteiten komisje : J. vd Heide & S.H. Brinkman
Seye Herke Brinkman: 06-26 89 43 01  as per mail: info@shbrinkman.nl

Diel dit item:

Foarige item
Betinking Slach by Warns

Oare items