WOO-fersyk oer heechlearaar Frysk yn Grins

Parseberjocht

Wat docht de RuG mei ‘ús jild’?

It Frysk akademysk ûnderwiis stiet ûnder gigantyske druk. De heechleareren Frysk yn Amsterdam en Leien koenen wol fuort en yn Grins begûn de ferskraling fan it universitêre Frysk mei it opheffen fan de iennichste universitêre stúdzje Frysk yn Nederlân. No stiet ek de lêste heechlearaarstoel op ’e wip. En dat wylst de Provinsje Fryslân der alle jierren wol subsydzje foar jout. Wat docht de Universiteit fan Grins mei ús belestingjild? Dat wol de Jongfryske Mienskip witte.

De Jongfryske Mienskip wol dat de Universiteit fan Grins wurk makket fan in folsleine leartstoel Frysk en dêrby de rie fan Goffe Jensma opfolget. Foar de Jongfryske Mienskip is de heechlearaarstoel de earste stap. Doel is om it Frysk as selsstannige akademyske stúdzje fannijs libben yn te blazen.

Sûnder Fryske akademisy gjin wurdboeken, gjin spraaksoftware, gjin grammatika’s, gjin ûndersyk. Sûnder al dy dingen bliuwt it Frysk in gesellich sprektaaltsje. Dêr stjoert it universiteitsbestjoer bewust op ta. Wy wolle dat it Frysk as sprek- en skriuwtaal nije ympulsen krijt. Wy wolle in taal dy’t rjochte is op ’e takomst en dy’t wy mei alle helpmiddelen trochjaan kinne oan ús bern.

Der binne hiel wat sinjalen dy’t ús goede hope jouwe. De Fryske mienskip en polityk wolle dit. Oan ’e NHL Stenden binne der alle jierren wer moai wat studinten dy’t de learare-oplieding Frysk yn fol- of dieltiid folgje. Yn prinsipe steane alle sinjalen op grien en op 24 novimber 2022 tsjinnen Habtamu de Hoop (PvdA) en Harry van der Molen (CDA) in moasje yn ta it Wetlik Ferankerjen fan Wittenskiplik Underwiis yn it Frysk. De moasje waard mei 149 tsjin 1 oannommen.

De Jongfryske Mienskip fynt dat Ryk en provinsje spikerhurd ôfrekkenje moatte mei de neoliberale en diskriminearjende wyn dy’t troch de Universiteit fan Grins waait. Ynklusy? Nee hear, de Universiteit fan Grins seit anno 2023 noch leaver ‘Verboten für Friesen!’

De Jongfryske Mienskip hat dêrom in WOO-fersyk (Wet Open Overheid, foarhinne: Wet Openbaarheid Bestuur > WOB) yntsjinne by de RuG en alle belutsen organisaasjes en oerheden.

+ + +
It WOO-fersyk fine jo hjirûnder!
+ + +

Oan de Ryksuniversiteit Grins (RUG)
03-02-2023
Algemeen Bestuurlijke & Juridische Zaken, Postbus 72, 9700 AB Groningen

Fan de Jongfryske Mienskip. In kulturele feriening (1915) dy’t him ynset foar de lykberjochting fan it Fryske folk.

Underwerp: Fragen yn ramt fan de Wet Open Overheid (WOO) oan de RUG en alle belutsen organisaasjes en oerheden oangeande learstoel Heechlearaar Fryske taal.

Algemien

Wy wolle de Ryksuniversiteit Grins en Arjen Versloot lokwinskje mei de beneaming fan in nije ynterim-heechlearaar Frysk. Dêrmei is in ûnderdiel fan in folle grutter probleem oplost, nammentlik it ûntbrekken fan in folsleine universitêre stúdzje Frysk. Op dit stuit spilet it Frysk yn ’e bachelor en master Minorities and Multilingualism in marzjinale rol. Troch it ferdwinen fan de gewoane bachelor en master Frysk oan ’e Ryksuniversiteit Grins is der yn Nederlân gjin mooglikheid mear om Frysk te studearjen. It Frysk is no de grutste taal fan Europa sûnder akademyske stúdzje.

Om dat probleem te ûnderkennen en op te lossen tsjinnen Habtamu de Hoop (PvdA) en Harry van der Molen (CDA) yn de twadde keamer op 24 novimber 2022 in moasje yn ta it Wetlik ferankerjen fan Wittenskiplik Underwiis yn it Frysk. Dy moasje waard mei 149 tsjin 1 oannommen.

Omdat de heechlearaarstoel sa swier kealle wolle wy ynsicht yn de dokuminten, finânsjes (earmerke jilden) en it opsetten fan de stúdzje bachelor-master Frysk.

Dêrby freegje wy jo yn it ramt fan de WOO, alle dokumintaasjes oangeande hiele sollisitaasje proseduere Heechlearaar Frysk yn de perioade 2020/2021/2022/2023.

  1. Fersykje jo om ynsjoch fan de ûntfongen (oerheids) finansjen dy ’t streekrjocht betrekking hawwe op in folsleine learstoel heechlearaar Fryske taal yn de perioade 2019/2021/2022/2023.
  2. Op dit stuit wurdt der in parttime (2 dagen) learstoel ynterim-heechlearaar Fryske taal oansteld oan de RUG. Fraach: wat wurdt der dien mei de oare 3 dagen earmerkte jilden dy’t ûnder punt 1 neamd wurde?

Dêrby freegje wy jo yn it ramt fan de WOO it neikommende oangeande earmerke jilden, oerheidssubsydzjes en oare finânsjes dy ’t streekrjocht betrekking hawwe op de learstoel heechlearaar Fryske taal 2019/2022/2021/2023

  1. Fersykje jo om alle dokumintaasje en korrespondinsje (minutes, notulen, SMS en app berjochteferkear) binnen de RUG en belutsen organisaasjes en oerheden ús ta te stjoeren oangeande de oprjochting fan in stúdzje bachelor en master Frysk.
  2. Fersykje jo om alle dokumintaasje en korrespondinsje (minutes, notulen, SMS en app berjochteferkear) binnen de RUG en belutsen organisaasjes en oerheden ús ta te stjoeren oangeande earmerke jilden, oerheidssubsydzjes en oare finânsjes dy’t streekrjocht ornearre binne foar de opset fan in stúdzje bachelor en master Frysk.

Yn ôfwachting fan jo antwurd. Graach binnen 4 wiken (art. 4.4 lid 1 en 2 Woo).

Ut namme fan de Jongfryske Mienskip,

Bestjoerslid ….
Adres …..

Diel dit berjocht:

Foarige post
JFM earelid Bertus Postma ferstoarn
Folgjende post
Podcast searje ôflevering 1: Esther Liano

Resinte berjochten